De Fryske krite "It Pompeblêd" bestiet sûnt
1920 en hat in lytse 170 leden yn Bussum en wide omkriten. Dat binne
minsken dy't op de iene of oare wize in bân ha mei Fryslân,
troch hun foarfaars, fakânsje of dy't gewoan ynteresse ha foar
de Fryske taal en kultuer.
"It Pompeblêd" hat as doel de Fryske taal en
kultuer yn stân te hâlden en te soargjen dat sawol
Friezen as net-Friezen niget krije oan Fryslân, yn al har
fasetten. Derom wurdt der yn it winterskoft regelmjittich in jûn
organisearre foar leden en belangstellenden. Fierder hâlde
wy kontakt mei de leden troch it útbringen fan it kriteblêd
dat 5 kear yn it jier by de leden yn de bus falt. In proefnûmer
kin op oanfraach tastjoerd wurde.
It lidmaatskip fan de krite is € 8,50 p.p. yn't jier.
Wy binne oansluten by de lânlike oerkoepeling fan de
Kriten bûten Fryslân: "It
Frysk Boun om Utens".
|